Wenwyk Snits smyt enerzjy op

08 okt 2007 - 19:00

Snits krijt in wenwyk dy't gjin enerzjy nimt mar opbringt. It giet om de noch te ûntwikkeljen wyk Harinxland oan de noardside fan de stêd.

De huzen yn it gebiet krije allinich in oanslúting op de wetterlieding. De stroom moat fersoarge wurde troch biogas of in wynmûne. Ek sil it ôffalwetter binnenshûs al skieden wurde. Sa kin it brûkt wurde foar de enerzjyfoarsjenning. Meiïnoar komme der 1300 wenten yn de nije wyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)