Wenwyk Akkers yn 'e make-over

19 feb 2009 - 15:41

Wenwyk De Akkers op It Hearrenfean ûndergiet op dit stuit in metamorfoaze. 190 hierwenten wurde sloopt en meitsje plak foar nije huzen. De wykfernijing nimt mar leafst fiif jier yn beslach en kaam dreech op gong. In soad bewenners fan de folkswyk woene harren huzen eins net út. Seis op 'e tsien bewenners wolle werom nei de nije wyk. De renovaasje fan 'e wyk kostet 17 miljoen euro. De earste huzen binne ûnderwilens al oplevere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)