Wenwinsken Friezen ûndersocht

30 mrt 2007 - 20:37

De provinsje stjoert goed 73.000 húshâldens in ûndersyk oer wenjen. Yn it ûndersyk wurde fragen steld oer hoe't minsken wenje, wat se fan har wenomjouwing fine en wat har winsken op wengebiet binne.

Yn 2003 waard ek al in wenûndersyk hâlden. Doe die bliken dat der yn Fryslân in grut ferlet fan hierwenten wie. De provinsje hat dêr syn belied op oanpast. De útkomsten fan it nije ûndersyk binne fan 't hjerst bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)