Wenten yn Dokkumer tsjerke

21 feb 2012 - 11:17

De eardere Eastertsjerke yn Dokkum wurdt ferboud ta wenkompleks. Yn de tsjerke komme 24 apparteminten foar minsken mei in ferstanlike hendikep. It kompleks wurdt nei de ferbouwing ferhierd oan soarchynstelling JP van den Bent stifting. It wurdt opmerklik neamd dat foar dizze konstruksje keazen wurdt. Meastentiids ûndernimme wenningkorporaasjes soks.

De ferbou fan 'e tsjerke is yngewikkeld omdat it gebou by it beskerme stedsgesicht heart. De oplevering stiet pland yn april, yn maaie komme dan de bewenners.

It giet by de ferbouwing om de tsjerke en de âlde skoalle dy't njonken de tsjerke leit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)