Wenten plattelân wurde suniger

30 apr 2007 - 21:46

By op syn minst acht fan de tsjien hierders fan wenningboukorporaasje Welkom wurdt de wente de kommende fiif jier enerzjysúnich makke. De korporaasje hat mear as 10.000 wenten op it Fryske plattelân.

Welkom lûkt dêr fyftjin miljoen euro foar út. Doel is om de CO-2 útstjit te beheinen. It kostet de hierder gjin sint ekstra. De legere enerzjykosten konpensearre nammentlik in hegere hier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)