Wenten kreakje foar studinten

14 aug 2008 - 16:25

In nije kreakersbeweging sil yn Ljouwert ynkoarten ien of mear wenten kreakje om it romtetekoart ûnder studinten op te lossen. Neffens de feriening sitte tefolle studinten sûnder in goed plak om te wenjen. Guon sitte op in kamping, sliepe yn in hotel of wenje by freonen yn.

De gemeente Ljouwert docht te min, fine de kreakers. Dêrom is it besetten fan leechsteande wenningen de iennige oplossing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)