Wenten foar jong demintearjenden

01 feb 2005 - 06:12

Seis jong demintearjenden hawwe fan moandei ôf in eigen wenning yn Ljouwert. De wenten sitte yn fersoargingssintrum Nieuw Mellens by it MCL yn Ljouwert. Oant no ta wie der allinnich mar in deibesteging dêr't de demintearjenden terjochte koene.

De seis kinne gruttendiels selsstannich wenje, mar krije wol begelieding by it boadskipjen en iten sieden. Jong demintearjenden wurde foar har 70ste demint. Yn Fryslân binne der 200.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)