Wentekorporaasje foar rjochter

23 jan 2004 - 00:00

It fakbûn CNV stapt nei de rjochter om de direksje fan Corporatieholding Friesland yn Grou oan de útfiering fan in sosjaal akkoart te hâlden. Der wurkje no 300 minsken yn Grou. In grut part dêrfan wurke earder yn in hiel oar plak foar in oare wentebouferiening. Troch in fúzje binne se yn Grou telâne kaam en moatte se ekstra fier reizigje.

De ôfspraken oer de fergoeding dêrfoar wurde no skeind troch de direksje, seit it fakbûn CNV Hout en Bou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)