Wentebou moat oanslute op ferlet

26 jan 2005 - 17:37

De provinsje wol dat de nijbou yn Fryslân better oanslút op it ferlet. De gemeente hawwe plannen foar 12.000 nije wenten. Dêrby is gjin rekken hâlden mei it ferlet oan bygelyks starterswenten en wenromte foar âlderein en jongerein. Dat moat oars, mar guon projektûntwikkelders wolle dêr net oan. De gemeenten hawwe no de provinsje om help frege. Dy besiket der mei de wentebouwers en projektûntwikkelders út te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)