Wentebou Bullepolder giet troch

14 jan 2004 - 00:00

Wentebou yn de Bullepolder by Ljouwert hat gjin skealike gefolgen foar de einesoart smjunt. Dat docht bliken út in nij ûndersyk, dat dien is nei in tal rjochtsaken. Ljouwert wol yn de Bullepolder 120 djoere wenten bouwe.

Dêrtsjin is ferset fan ûnder oare Miljeudefinsje. No't wittenskiplik oantoand is dat der gjin skealike gefolgen binne, giet de gemeente troch mei de plannen. De provinsje moat noch wol in nij bestimmingsplan fêststelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)