Wente It Hearrenfean útbaarnd

21 des 2009 - 10:03

In wenning oan de Willem Lodewykleane op It Hearrenfean is sneintenacht útbaarnd. It fjoer is om healwei achten hinne nei alle gedachten ûntstien yn de hal fan de wenning. De buorman hearde in knal en seach dêrnei reek. Hy belle fuortendaliks de plysje.

De brânwacht hie it fjoer tsjin alve oere ûnder kontrôle. De bewenners wiene net thús. In auto op de oprit koe op 'e tiid fan it hiem helle wurde en rekke dêrtroch net skansearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)