Wenromte yn monumint Ljouwert

12 des 2006 - 22:30

It monumintale Patershuys yn Ljouwert wurdt restaureard. Yn it âlde kleaster neist teater Romein komme fjouwer stedswenningen mei elk twa ferdjippings.

Der wiene allegear ideeën foar it gebou dat lang leech stie, mar lang om let wurdt der gewoan wenromte fan makke. De stedswenningen wurde yn oktober 2007 opleverd. Ien fan de wenningen is al ferkocht. De apparteminten kostje goed 300.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)