Wenoffinsyf op ferskate gemeentehuzen

11 apr 2015 - 09:26
  • Hús te keap

Op de measte Fryske gemeentehuzen wurdt sneons in wenbeurs hâlden. It giet om in aktiviteit yn it ramt fan it wenoffinsyf, de provinsjale aksje om de wenningmerk wer flot te lûken. Dy aksje begûn ferline jier en krijt dit jier in ferfolch. Fan alven oant trijen jouwe makelers, hypoteekferstrekkers en oare lokale bedriuwen ynformaasje oer mooglikheden foar it keapjen en ferbetterjen fan wenningen.

It wenoffinsyf is benammen bedoeld foar minsken dy't foar it earst in hûs keapje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)