Wenoffinsyf net wer yn winter

17 apr 2014 - 17:05
  • Wenoffinsyf

Der komt mooglik takom jier wer in wenoffinsyf om de ferkeap fan huzen yn Fryslân te stimulearjen. As it safier komt, is de start fan de aksje fan provinsje, gemeenten, makelers en boubedriuwen net wer yn de winter. Dat seit deputearre Hans Konst nei in evaluaasje mei de dielnimmers oan it wenoffinsyf.

Doel fan de aksje wie om fjouwerhûndert huzen te ferkeapjen, twa kear safolle as gewoan. Dat doel is krekt net helle. De teller bleau stean op 398.

It wenoffinsyf begong op 15 febrewaris fan dit jier. It is in gearwurking fan de provinsje, alle Fryske gemeenten, makelers en de bousektor om wat te dwaan oan de huzemerk dy't ek yn Fryslan behoarlik stilfallen is troch de ekonomyske krisis. Allinnich al yn de populêre kategory ûnder de 200-tuzen euro stean sawat 5500 huzen te keap. It wenoffinsyf bestie út in soad ekstra reklame, mar der wiene ek in pear subsydzjeregelingen, foar renovaasje fan huzen en isolaasje. By de renovaasjesubsydzje bleau de belangstelling efter. Net mear as fyftich minsken skreaune harren yn. Neffens deputearre Konst docht efterôf bliken dat in soad minsken de regeling te dreech fûnen.

Makelers sjogge oer it generaal ridlik tefreden op it wenoffinsyf werom. Sy neame it earste fearnsjier fan dit jier it bêste fearnsjier sûnt 2009. Fierders wie der in soad ekstra belangstelling op de huzeferkeapsite FUNDA.NL: sawat seis miljoen besites.

As der takom jier wer in wenoffinsyf komt, is it neffens Konst better om dat nei de winter te dwaan. Dit jier lei der gjin iis, mar in froastperioade is foar in soad minsken net it goede momint om in hûs te keapjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)