Wenoffinsyf: 1e hûs ferkocht

17 feb 2014 - 11:27
  • Wenoffinsyf
  • Foarsitter Albrecht Kok fan NVM-Fryslân

It earste hûs is sneon al ferkocht by it begjin fan it wenoffinsyf. Keapers fan in hûs yn Fryslân krije de kommende 4 wiken ekstra koarting op bygelyks renovaasje. Sneon wie de start yn alle Fryske gemeenten. De aksje moat der foar soargje dat der mear huzen ferkocht wurde.

Neffens makeler Albrecht Kok, de foarsitter fan NVM Fryslân, moatte de kommende wiken mear as 400 huzen ferkocht wurde. Dat is twa kear safolle as ferline jier yn dizze tiid fan it jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)