Wenoffinsyf krijt ferfolch

13 maaie 2014 - 16:50
  • Wenoffinsyf

It Fryske wenoffinsyf krijt in ferfolch. Dat hat de provinsje besletten. It wenoffinsyf is ûnderdiel fan it plan om it tal wenningferkeapen yn Fryslân te befoarderjen.

Yn in aksjeperioade earder dit jier binne yn fjouwer wiken tiid hast 400 wenningen ferkocht. Yn deselde perioade yn it jier dêrfoar wiene dat der 140. Neffens makeldersbûn NVM is de taname fan 30 prosint it gefolch fan it wenoffinsyf. De provinsje wol no in twadde ynformaasjedei organisearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)