Wenningynbraken yn Ljouwert

02 jan 2012 - 10:26

By wenningynbraken yn Ljouwert binne de ôfrûne dagen kompjûters en televyzjes stellen. By in wenning op de Dokkumertrekwei waard op Aldjiersjûn in rút forsearre. Der waarden in kompjûter, in flatscreen-tv en bankpassen stellen.

In Ljouwerter dy't inkele dagen fan hûs west hie en snein weromkaam, ûntduts dat syn hûs -oan de Jokse- oer de kop helle wie en dat der twa laptops en twa flatscreen-tv's stellen wiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)