Wenningstifting siket wenromte

24 jul 2003 - 00:00

Wenningstifting Haskerland fan De Jouwer is op syk nei wenten. It giet om wenromte foar fjouwer húshâldens dy't tydlik yn in sloopwente wenje yn de wyk Suderfjild. It tydlik hierkontrakt rint op 1 augustus ôf, mar de gesinnen kinne mar gjin nije wente fine.

Der steane mear as 3000 minsken op de wachtlist. In oare wente is dus net gau fûn. De wenningstifting wol de minsken net samar op strjitte sette en docht dêrom in oprop foar wenromte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)