Wenningstichting wolle fusy

21 feb 2007 - 11:26

Wenningstichting Kollumerlân, wenningstichting Dantumadiel en Patrimonium yn Broeksterwâld wolle yn augustus fusearje. Se wolle dat om de klant noch better fan tsjinst te wêzen en om profitearje te kinnen fan de foardielen dy't in gruttere skaal biedt.

Nei de fúzje ûntstiet in wenningbedriuw fan sa'n 4000 wenten en 40 meiwurkers. It is noch net dúdlik oft der ek in nij haadkantoar komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)