Wenningoerfal yn Ljouwert

25 feb 2013 - 10:50

Twa oerfallers binne sneintenacht oanhâlden yn Sint Anne foar in oerfal op in wenning yn Ljouwert. De oerfal wie sneintejûn oan de Jan Steenstrjitte. De 44-jierrige bewenner krige in man fan 24 jier út Ljouwert op besite. Mar dy liet in oare man fan 20 deryn en ûnder bedriging namen se guod mei út it hûs.

De twa fertochten binne letter oanhâlden by in kontrôle yn Sint Anne. Se hiene it stellen guod yn de auto te lizzen. Se sitte fêst op it plysjeburo foar ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)