Wenningkrapte yn Ljouwert

20 nov 2002 - 00:00

Sa slim as yn Amsterdam of Utert is it noch net, mar ek foar studinten yn Ljouwert is it dreech om in keamer te finen. In tal studinten frege woansdei omtinken foar de wenningneed. Se hongen op it Saailân in spandoek op mei de tekst: 'Leeuwarden HBO stad van het Noorden? Niet zonder onderdak'.

Hoe grut de krapte is moat noch ûndersocht wurde. Wethâlder Sluiter wol it probleem gau oanpakke en sei ûndersyk ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)