Wenningkorporaasje Actium komt mei strangere regels

26 okt 2015 - 11:53

Wenningkorporaasje Actium út Easterwâlde hâldt fan nije wike ôf better rekken mei de ynkommens fan nije hierders. Dy kinne dan net mear samar ynskriuwe op alle hierhuzen, mar wurde earst kontrolearre. Ofhinklik fan it ynkommen wurde der wenningen tawiisd. Sa hawwe allinnich minsken mei hiertaslach rjocht op in sosjale hierwenning. Doel is foar te kommen dat minsken yn finansjele problemen komme, om't se de hier net mear betelje kinne.

De oanpassings jilde foar nije hierders. De strangere regels binne in gefolch fan de nije wenningwet, dy't sûnt 1 july jildt. As Actium tefolle wenningen net goed tawiist, krijt de wenningkorporaasje in boete.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)