Wenningen wurde opknapt yn Snits

17 aug 2001 - 00:00

Wenningstifting De Wieren sil 60 iengesinswenten yn de Snitser wyk LemmerwegWest opknappe. Ferline jier binne dêr sân hûzen opknapt. De hûzen ha ûnder oaren nije kappen op it dak krigen.

Nei in enkête ûnder bewenners yn itselde type wenten, hat de wenningstifting besletten nochris 60 hûzen ûnder hannen te nimmen. It wurk set 3 septimber útein en sil sa'n fjouwer moanne duorje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)