Wenningen sloopt yn Snits

01 nov 2005 - 14:23

Yn de wyk Noorderhoek yn Snits is ûnrêst ûntstien oer plannen fan wenningstichting De Wieren om hûnderten wenten te slopen. It giet ûnder oare om de sloop fan inkelde flats.

De bewenners ha in útnoeging krigen fan de wenningstichting foar in foarljochtingsjûn oer de plannen. Direkteur Henk Heikema fan De Wieren befestiget dat it giet om in grut projekt foar sloop en nijbou. Mar hy wol no noch net yngean op de details.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)