Wenningbrân yn Wikel

02 sep 2007 - 14:45

De plysje ûndersiket de brân yn in wente oan de Jachtlustweg yn Wikel. Yn de nacht fan sneon op snein ûntdutsen twa foarbygongers de brân. Neidat se de bewenners wekker makke hiene, warskôgen se de helptsjinsten.

De brânwacht koe it fjoer gau ûnder kontrôle krije. De brân is nei alle gedachten ûntstien yn in skuorre en is dernei oerslein nei de wente. De plysje hâldt rekken mei brânstifting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)