Wenningbrân yn Ljouwert

02 maaie 2009 - 13:52
  • De brân yn de flat (foto: Anton Kappers)

Koartsluting yn de sintrifúzje wie sneontemoarn de oarsaak fan in wenningbrân oan de Archipelwei yn Ljouwert. De bewenners, 27 en 30 jier, smieten de baarnende sintrifúzje troch in rút nei bûten.

Dat koe net foarkomme dat de wenning yn brân fleach. De brânwacht hat de brân útmakke. Troch de reek- en wetterskea is de wenning foarearst ûnbewenber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)