Wenningbrân yn Drachten

26 maaie 2006 - 14:38

By in brân yn in wenning oan de J.G. van Blomstrjitte yn Drachten is tongersdei in 29-jierrige man ferwûne rekke. Hy hie de frituerpanne oanstean en seach dat dy yn de brân stie. Ek de ôfsûchkap fette flam.

De bewenner koe de brân sels útmeitsje, mar hij krige safolle reek binnen dat er nei it sikehûs moast. De wenning hat flinke reekskea oprûn by de brân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)