Wenningbrân yn Drachten

24 mrt 2002 - 00:00

Der hat sneintemoarn brân west yn in wente oan de Michaëlsberg yn Drachten. De 44-jierrige bewenster stie op it dak, doe't de plysje derby kaam. Se waard derôf helle en rekke dêrnei eefkes út 'e tiid.

De frou fertelde letter dat se wekker wurden wie troch it brânalarm. Se koe net ûnder komme, omdat de gong yn 'e brân stie. It hûs is folslein útbaarnd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)