Wenningbrân yn Boalsert

18 apr 2005 - 08:08

De boppeferdjipping fan in wenning oan de Bruinsmastrjitte yn Boalsert is sneon folslein útbaarnd. Dêrby rekke net ien ferwûne. De bewenners koene it hûs op tiid ferlitte. De brân is nei alle gedachten yn ien fan de sliepkeamers ûntstien.

De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. De boppeferdjipping rûn flinke brân-, wetter- en reekskea op. De plysje stelt in ûndersyk yn nei de oarsaak fan de brân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)