Wenningbrân op 'e Lemmer

24 feb 2013 - 09:31

By in brân op 'e Lemmer hat in hûs oan de Suderseestrjitte skea oprûn. De brân ûntstie sneintemoarn yn de keuken, nei alle gedachten op it gasstel. De twa minsken dy't yn it hûs wienen moasten der troch de brânwacht úthelle wurde. Se binne foar ûndersyk nei it sikehûs brocht, mooglik hawwe se tefolle reek ynazeme. Neist de keuken rûn ek de boppeferdjipping skea op troch de brân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)