Wenningbrân oan de Melkkelder

17 jan 2014 - 10:11
  • Brânwachtauto

De plysje hat freed de bewenner fan in appartemint op de twadde ferdjipping fan in flat oan de Melkkelder yn Drachten oanholden op fertinking fan brânstichting. De wenning stie freedtemoarn koart yn 'e brân. De brânwacht wie gau te plak en hie it fjoer fluch ûnder kontrôle. De bewenner wie al út de wenning op it momint dat de brânwacht kaam. Syn buorman wie drok oan it blussen.

De skea oan it appartemint is grut. Al rap waard dúdlik dat de bewenner kearsen oan hân hie yn de wenning. Dêrby wie wat mis gong en ûntstie der brân.

De man is oerbrocht nei it plysjeburo. Ek waard de GGZ ynskeakele fanwege de psychyske tastân fan de man.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)