Wenningbrân flat Ljouwert

02 nov 2010 - 20:19
  • Foto: Anton Kappers

Bewenners fan in flat oan de Annie Westlandstrjitte yn Ljouwert binne tiisdeitejûn koart evakuerre fanwege in brân. Yn ien fan de wenningen ûntstie brân. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. Nei ûndersyk die bliken dat yn de wenning in himpkwekerij wie. Der wie ek mei elektrisiteit knoeid. Dat is mooglik de oarsaak fan de brân. De bewenners, útsein dy fan de wenning fan de brân, koene dernei werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)