Wenningbou Langwar wer útsteld

27 okt 2005 - 11:20

It plan foar de bou fan 60 nije wenningen yn Langwar is wer útsteld. It gemeentebestjoer fan Skarsterlân fynt dat der noch te folle ûndúdlikheid is oer it wenplan. Ek de partijen yn de gemeenteried ha noch in soad fragen.

De wenningen moatte realisearre wurde oan it wetter. Bewenners yn dat gebiet binne benaud foar mear drokte. Ek binne der fragen oer de 2,1 miljoen euro dy't nedich is. B&W sille ynkoarten opnij oerlizze mei de riedsfraksjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)