Wenning yn Ie giet ferlern by brân

08 nov 2015 - 07:00

By in fûle útslaande brân yn Ie is sneintemoarn betiid in wenning oan De Skeperij folslein útbaarnd. De bewenster fan de âldereinwente koe sels út har hûs komme. Ferskate omlizzende wenningen moasten ûntromme wurde. By de brân kaam in soad reek frij. Ferskate brânwachtkorpsen binne útrukt om it fjoer te bestriden. Om goed healwei sânen wie de brân under kontrôle. By de brân is net ien ferwûne rekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)