Wenning Eastrum einlik leagaal

13 nov 2008 - 09:52

In wenning oan de Tichelwei by Eastrum wurdt nei 28 jier einlik legaal. It giet om in hûs by it Bowling- en Sealesintrum Dokkum. Neffens it bestimmingsplan is wenjen op dy lokaasje net tastien. De eigner wol de wenning no lykwols grutter meitsje en tagelyk legalisearje. Dêrfoar hat er in fersyk yntsjinne by de gemeente.

B en W fan Dongeradiel hawwe gjin beswieren tsjin it bouplan. At de gemeenteried op 27 novimber ek akkoart giet, dan is de wenning einlik legaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)