Wenning ûntromme op De Gordyk

25 nov 2011 - 17:48

Plysje en brânwacht hawwe freedtemiddei in wenning ûntromme oan de Trimbeets op De Gordyk. De plysje fûn dêr earder op de dei stoffen dy't brûkt wurde kinne foar it meitsjen fan ferdôvjende middels. Omdat net krekt bekend is om hokker stoffen it giet waard ek de brânwacht der by roppen.

Uteinlik is in spesjaal ûntrommingsteam út it suden fan it lân oproppen om de stoffen op in feilige manier út it hús te heljen. De bewenner is troch de plysje oanhâlden. Neffens de plysje gie it om in profesjonele ynstallaasje dy't unyk is foar Fryslân. De buorlju toechten al lang dat it net doogde yn it hûs en hawwe de plysje faak op de hichte brocht. Mar die hie noait in reden om nei binnen te gean. Mar freed melde ien fan de buorlju wer dat der wat oan de hân wie yn de wente omdat de hûn sa lang blafte. Doe't de plysje it hús yngie, fûnen se it drugslaboratoarium.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)