Wennen oan nij Oerolpoadium

19 jun 2014 - 14:47
  • Betonningsterrein
  • It nije poadium op it betonningsterrein

Muzyk op it Griene Strân wie foar in soad Oerolbesikers altyd it symboal foar it ultime Oerolgefoel. Mar dit jier is it stil op it Griene Strân op Skylge, want de muzykoptredens binne ferpleatst nei in nij terrein: De Betonning. Dat is in plak neist de haven dêr't boeien foar de Waadsee opslein wurde. De Betonning jout mear mooglikheden as it Griene Strân. Sa is der in lyts en in grut poadium.

It Griene Strân is no it plak dêr't keunst en natuer mei-inoar ferbûn wurde, in feroaring dy't foar guon efkes wennen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)