Wennemars pakt rekord Ids Postma

26 nov 2000 - 14:22

Mei in baanrekord behelle Erben Wennemars sneon yn Thialf syn earste ynternasjonale oerwinning. De reedrider út Dalfsen sette op de 1500 meter in tiid fan 1.47,52 del. It âlde baanrekord stie op namme fan Ids Postma yn maart 1999.

It sulver gie diskear nei Rintje Ritsma, de winner fan 'e Wrâldbekeriepening yn Berlyn. Gianni Romme pakte it brûns. Wennemars hie de triennen yn 'e eagen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)