Wennemars pakt Cup op Thialf

09 mrt 2003 - 00:00

Erben Wennemars hat snein skiednis skreaun op Thialf. Hy wûn de lêste Wrâldbekerwedstriid oer tûzen meter en dêrmei ek it klassemint.

It is foar it earst yn de Wrâldbeker dat in Nederlanner it klassemint wint by in sprintôfstan. De Nederlanners wiene dit seizoen de baas op de tûzen meter. Yn it klassemint waard Wennemars folge troch Van Velde en Bos. Verheijen wûn it klassemint oer de lange ôfstannen, foar De Jong en Uytdehaage.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)