Wennemars earste op 1000 meter

01 nov 2003 - 00:00

Erben Wennemars hat sneon yn Thialf de 1000 meter by de manlju wûn. Mei 1.10,17 wie er 0,25 rapper as Gerard van Velde en Alexander Oltrop. Beorn Nijenhuis waard fjirde.

Renate Groenewold hat de 3000 meter wûn. Se ried de ôfstân yn 4.11,12 en bleau dêrmei Gretha Smit krekt foar. Titelferdigenster Barbara de Loor pakte brûns. Annamarie Thomas waard op dizze ôfstân alfde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)