"Wenlêsten moatte net heger wêze as 40 prosint fan ynkommen"

16 des 2015 - 22:41

Ljouwerters yn in hierhûs moatte eins net mear as 40 prosint fan harren ynkommen kwyt wêze oan wenlêsten, enerzjykosten en soarch. Dat hat de gemeente Ljouwert sa ôfpraat mei de twa wenningboukorporaasjes Elkien en WoonFriesland en fertsjintwurdigers fan de bewenners.

No binne der noch minsken dy't de helte of mear fan harren ynkommen besteegje oan dit soarte fêste lêsten. Yn in pakket prestaasje-ôfspraken, stiet no dat der in ûndersyk komt nei maatregels om dizze hierders te helpen.

De wenningboukorporaasjes besykje yn alle gefallen jild frij te spyljen troch mear gear te wurkjen. Sa kinne je bygelyks goedkeaper oanbesteegje as je klussen kombinearje. En sa binne der mear skaalfoardielen te heljen.

Allinnich Elkien wol takom jier foar mear as 22 miljoen oan nije huzen bouwe yn de gemeente. Boppedat wolle de korporaasjes in soad wenten ferbetterje en enerzjysuniger meitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)