Wenkeamer Ruurd Wiersma neimakke

19 maaie 2004 - 00:00

It ynterieur fan it Ruurd Wiersma-hûs yn Burdaard is woansdei op de gefoelige plaat fêstlein. Net foar yn in boek oer keunst of in foto-album. De folslein beskildere wenkeamer sil op wiere grutte te sjen wêze op in keunstmanifestaasje yn Enschede.

De naïve skilder Wiersma ferstoar yn 1980, mar soe dit jier 100 jier wurden wêze. De neimakke wenkeamer is op snein 13 juny te sjen op de manifestaasje 'Kunst in het Volkspark'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)