Wenje yn rekreaasjehuzen Hemrik

17 nov 2004 - 13:33

B en W fan Opsterlân wolle dat de rekreaasjehúskes by Hemrik permanint bewenne wurde kinne. Foar oare rekreaasjehuzen sa as by Wynjewâld en Bakkefean bliuwt dat foarearst ferbean.

Minsken dy't nei novimber 2003 yn sa'n húske by Wynjewâld of Bakkefean te wenjen kaam binne, moatte derút. Foar minsken dy't der al langer wenje, komt in spesjale beskikking. It kolleezje makket dit ûnderskied om't Hemrik net echt in rekreaasjeplak is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)