Wenje op de Hemrik mei

30 maaie 2005 - 23:26

Bewenners fan bedriuweterrein de Hemrik yn Ljouwert hoege har hûs dochs net te ferlitten. Dat hat de rjochtbank bepaald. Yn maart hat de gemeente fiif húseigners noch oplein dat se foar de ein fan de simmer ferhúze wêze moatte.

Ien fan de bewenners hat dêr, mei súkses, beswier tsjin makke. Hy mei der gewoan wenjen bliuwe. De bewenners stride al jierren tsjin de gemeente Ljouwert oer de wenningen op it yndustryterrein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)