Wenje oan it wetter

01 apr 2003 - 00:00

Yn Surhústerfean en De Harkema komme mooglik hûnderten huzen oan it wetter en in jachthaven. Alteast as de gemeente Achtkarspelen de plannen fan âld-ûndernimmer Kok fan Surhústerfean goedkart. Hy wol de Wide Pet ûnder wetter sette.

Ferline jier presintearre Kok noch in alternative farrûte fan De Leijen nei Grins. Dat wie doe net helber en no wurdt mei de pleatslike belangen sjoen nei lytsskaligere mooglikheden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)