Wenhûs yn Ljouwert útbaarnd

05 feb 2006 - 12:01

In wenhûs yn de Sumatrastrjitte yn de Yndyske Buert yn Ljouwert is sneontemoarn útbaarnd. De brânwacht wie der mei de korpsen Ljouwert, Marssum en Dokkum om it fjoer te bestriden. Der binne gjin ferwûnen fallen by de brân.

It hûs dêr't de brân wie, is de middeltste fan in rychje fan trije. Der wurdt noch ûndersyk dien nei de oarsaak fan de brân. In optrommele heechwurker hoegde net yn aksje te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)