Wenhûs Mata Hari ferkocht

25 okt 2005 - 12:04

It eardere wenhûs fan dûbelspionne Mata Hari yn Ljouwert wurdt wer in wenhûs. It monumintale gebou oan 'e Grutte Tsjerkstrjitte stie goed oardel jier te keap, nei't it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD)ferhuze nei in oar ûnderkommen.

It gebou is boud yn 1545 en waard tusken 1882 en 1896 bewenne troch Mata Hari. Boppedat soe it hûs boud wêze op fûneminten út 'e 13e ieu. Dat wie doe ien fan de âldste gebouwen fan de stêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)