Wenhûs as enerzjyloket

29 sep 2011 - 22:05
  • De flagge koe út foar de iepening

De gemeente Tytsjerksteradiel hat sûnt tongersdei in folslein hûs as loket. Yn de Waling Dijkstrastrjitte yn Gytsjerk hat de gemeente in leechsteand wenhûs kocht en omboud ta in enerzjyloket. Yn dat hûs kinne ynwenners fan de gemeente harren foarljochtsje litte oer hoe't se harren eigen wenning enerzjysuniger meitsje kinne.

De gemeente wol it kommende oardel jier twahûndert minsken oerhelje harren hûs duorsumer te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)