Wenfestival yn Ljouwert

05 sep 2006 - 15:49

Ljouwert lit sjen hoe't je wenje kinne op in spesjaal 'wenfestival'. Op sneon 23 septimber kinne besikers kennis meitsje mei kultuer, geselligens en mei de wenmooglikheden.

Ferskate wenlokaasjes yn 'e stêd stean iepen foar besikers. Dêrfoar binne in tal rûtes útstippele. Nei de wyk Suderbuorren en de wyk-yn-lis Blitsaerd is ferfier regele. De organisaasje is yn hannen fan Ekspedysje Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)