Wenbuorkerij baarnt út

21 mrt 2010 - 09:45
  • Fan de wenbuorkerij bleau sa goed as neat oer (foto's: Robert Jan Boonstra)

In wenbuorkerij oan de Hegesylsterwei yn Tsjummearum is sneontejûn útbaarnd. It fjoer bruts eefkes nei njoggen oere út. De brânwachtkorpsen fan Harns, Menaam en Frjentsjer rukten út.

Yn it dak fan de buorkerij siet asbest. Snein wurdt útsocht at der ek asbest yn it doarp en it fekânsjepark Barradiel telâne kaam is. De bewenners krije in brief fan de gemeente mei ynformaasje oer wat se dwaan moatte at se asbest fine. Der soe in himpkwekerij yn de buorkerij sitten ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)